Vosselman yn aksje foar SVZW

16 feb 2013 - 13:51
  • Jonathan Vosselman

Cambuurferdigener Jonathan Vosselman giet fuortendaliks nei haadklasser SVZW út Wierden. De 28-jierrige ferdigener fuotballet oant en mei de ein fan it seizoen yn Wierden. By Cambuur siet Vosselman de ôfrûne tiid in soad op 'e bank. Nei oerlis is besletten om op 1 jannewaris útinoar te gean.

Vosselman trainde de ôfrûne wiken al in pear kear mei by SVZW en komt yn aksje by de topper tsjin koprinner ONS Boso Snits. Dy wedstriid wurdt sneontemiddei 16 febrewaris spile yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)