Vos & Libert slút festigingen

09 jan 2004 - 00:00

It Ljouwerter reklameburo Vos & Libert hat har festiging yn Meppel sletten en dy yn Zwolle ferkocht. Neffens Johan Vos fan it bedriuw is it hieltyd minder wichtich om ticht by de klanten te sitten.

Fia email en snelle isdn-ferbinings kinne de nasjonale en ynternasjonale klanten ek fan Ljouwert út betsjinne wurde. De konsintraasje fan it wurk yn Ljouwert hat dêr fiif ekstra banen opsmiten. Der wurkje no 45 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)