Vos hurdfytskampioene

24 jun 2006 - 18:00

Marianne Vos(19) út Babyloniënbroek is sneon op it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen yn Maastricht kampioen by de froulju wurden. Foar de Fryske dielnimsters wie sneon gjin grutte rol weilein. Bertine Spijkerman fan Sint Nyk einige yn it grutte peleton.

Josephine Groenveld fan Folsgeare die ûnderweis in soad kopwurk yn tsjinst fan har ploech, mar kaam net oer de einstreek. Mei noch ien rûntsje te gean stapte se út de koers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)