Vos en Peeters winners cross

03 jan 2013 - 14:02
  • Marianne Vos

Marianne Vos en Rob Peeters wiene tongersdei de winners fan de 18e Sintrumcross yn Surhústerfean. Marianne Vos wie fierwei de sterkste by de froulju. Twadde waard de Britse Helen Wyman en it tredde plak wie foar Anna van der Breggen út Hasselt.

By de manlju gie de oerwinning nei de Belch Rob Peeters. Hy einige foar Thijs van Amerongen. Tredde by de manlju wie de Dútser Philipp Walsleben. Seisfâldich Nederlânsk kampioen fjildriden Lars Boom die ek mei, mar wie daliks kânsleas doe't syn ketting fuort nei de start derôf fleach.

De belangstelling fan it publyk yn Surhústerfean wie mei troch it waar grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)