'Voorkom' nei Fryslân

11 feb 2010 - 22:05

De lanlike stifting Voorkom wol de striid oangean mei it alkoholmisbrûk ûnder jongerein yn Fryslân. Neffens de stifting binne de Fryske jongeren koprinners yn it gebrûk fan alkohol en ek de drugs en sigaretten wurde hjir fierstente faak brûkt.

Troch lessen oan te bieden op skoallen, yn buerthuzen en yn tsjerken wol Voorkom de ferslavingen oanpakke. Dêrby is in grutte rol weilein foar erfaringsdeskundigen dy't sels ferslaafd west ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)