Vonk twa wike útskeakele

24 apr 2009 - 10:53
  • Hans Vonk rekke woansdei yn Volendam blessearre (foto Martin de Jong)

De blessuere oan de boppeskonk fan Hearrenfeankeeper Hans Vonk is slimmer as ferwachte. De doelman hat op syn minst twa wiken nedich om wer better te wurden. It is ûnwis oft er op 17 maaie yn de bekerfinale tsjin FC Twente meispylje kin.

Vonk rekke woansdei blessearre yn de heale finale tsjin Volendam. It like der earst op dat er op koarte termyn wer fit wêze soe. Sneon foar de kompetysje tsjin Twente docht Hans Vonk seker net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)