Vonk op 'e goal yn bekerfinale

15 maaie 2009 - 17:38
  • Hans Vonk op 'e goal yn de finale

Hans Vonk stiet snein op 'e goal yn de bekerfinale tsjin FC Twente. Hearrenfean trainer Trond Sollied hat offisjeel noch net besletten wa't de doelman is yn de finale. Mar Brian Vandenbussche wie freedtemiddei net by de lêste parsekonferinsje oanwêzich, omdat hy teloarsteld is. En dat betsjut sa goed as wis dat Vonk snein de earste doelman is.

Vonk rekke yn de heale finale fan de beker tsjin Volendam blessearre. Mar hy is no wer fit en kin snein spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)