Vonk fynt opstappen spitich

04 apr 2014 - 15:44
  • Dwight Lodeweges op de parsekonferinsje

Hans Vonk fynt it spitich hoe't it gien is mei it opstappen fan Cambuurtrainer Dwight Lodeweges. De manager fuotbalsaken fan SC Hearrenfean hat fan 'e wike in tillefoantsje krigen fan Lodeweges dat hy fuortendaliks Cambuur ferlit. 'Wij vinden het voor zowel Lodeweges als Cambuur jammer dat het zo is gelopen. De eerste afspraak was dat we het later bekend wilden maken, maar Cambuur wilde geen poppenkast spelen en daar zijn wij het mee eens.'

Neffens Vonk sil Lodeweges no mear belutsen wurde by de gearstalling fan de seleksje.

'Als ik zeg dat we blij zijn dat ie nu meer tijd heeft om zich met volgend seizoen te bemoeien, dan is dat niet netjes. Maar het is wel zo dat hij nu meer tijd heeft.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)