Volvo Ocean Race presintearret himsels by Snitswike

04 aug 2015 - 14:50
  • Siler Gert-Jan Poortman presintearret de Volvo Ocean Race by de Snitswike

De Snitswike stiet tiisdei foar in part yn it teken fan de Volvo Ocean Race. Dat is in sylwedstriid dy't elke trije jier hâlden wurdt, wêrby't oer de hiele wrâld syld wurdt. De reis duorret 8 oant 9 moannen. It is de swierste wedstriid foar silers, sa seit Volvo Ocean Race-siler Gert-Jan Poortman út Zeist. Hy hâldt hjoed by de Snitswike ferskate presintaasjes oer de wedstriid.

Der binne gjin sylboaten fan de Volvo Ocean Races by de Snitswike, om't it wetter net djip genôch is foar de grutte boaten. Wol hat de profesjonele siler in spesjale masine by him wêrmei't besikers sels leare kinne om de seilen fan in sylboat omheech te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)