Volmawei fan Grou opknapt

01 mrt 2012 - 11:09
  • Grou

De gemeente Boarnsterhim hat de plannen foar de Volmawei yn Grou oanpast. De Volmawei is de ferbiningsdyk tusken de haven en it sintrum fan Grou en is ûnderdiel fan Grou Wetterfront. It saneamde kopgebou bestiet út in winkel mei dêrboppe seis apparteminten.

Yn it oarspronklike plan soe dit gebou 14 meter heech wurde, mar nei beswieren fan omwenners is dat weromrocht nei 12 meter. Dêrneist komme der njoggen huzen, dy't geskikt binne foar it hawwen fan in bedriuw oan hûs.

It kolleezje wol mei dit plan de rûte tusken it histoaryske sintrum en de haven in bettere útstrieling jaan. De gemeenteried praat op 13 maart oer it foarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)