Vollenbroek: Omrin giet fallyt

03 aug 2009 - 11:45
  • De nije ynstallaazje by Harns kin Omrin wolris oermânsk wurde, seit Vollenbroek

Saakkundige Johan Vollenbroek warskôget foar it fallyt gean fan Omrin as dy trochgiet mei de bou fan de ôffaloven by Harns. Yn in brief oan de ried fan kommissarissen fan Offalstjoering Fryslân seit Vollenbroek dat Omrin in te grut risiko nimt om't net dúdlik is oft de oven oan de miljeunoarm foldwaan kin.

Neffens Vollenbroek, adviseur fan stifting Afvaloven Nee, is der ek temin ôffal om in nije ynstallaasje yn Harns rendabel te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)