Vollenbroek fielt him misbrûkt

04 jul 2009 - 10:27

Miljeudeskundige Vollenbroek fielt him misbrûkt troch Deputearre Steaten. Dy hawwe in mail fan him brûkt yn in reaksje nei de steateleden op it programma Zembla. Dat liet him negatyf út oer de ôffaloven yn Harns.

De provinsje hellet yn de reaksje in mail fan Vollenbroek oan dêr't dy yn seit dat de brûkte noarmen yn 'e fergunning prima binne. Neffens Vollenbroek is syn reaksje út de kontekst helle en hat er wol krityk op de fergunningferliening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)