Volkskrant mooglik oar formaat

16 feb 2004 - 00:00

De Volkskrant nimt yn de rin fan dit jier in beslút om yn tabloid-foarm út te kommen. Dat sei haadredakteur Pieter Broertjes ôfrûne sneon op in byienkomst by kommissaris Nijpels. Neffens Broertjes is it taboe op de krante yn tabloid-foarm, dat lang bestien hat yn ús lân, ferline tiid.

It klassike kranteformaat is ûnhandich. Neffens Broertjes is it net wis oft de Volkskrant foar de tabloid-foarm kiest, mar dat dêr dit jier in beslút oer falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)