Volkskrant: "Fries fjochtet tsjin Islamityske Steat"

31 okt 2015 - 15:46

In Fries fjochtet mei yn de striid tsjin Islamityske Steat. Jitse Akse út Ljouwert hat him as âld-kommando oansletten by de Koerden yn Syrië. In ynterview mei him stiet sneon yn de Volkskrant. Hy is de iennichste Nederlanner yn de Koerdyske enklave Rojava.

De Fries hat him in jier lyn oanmelden fia Facebook, doe't hy op televyzje seach hoe't de Koerdysk-Syryske stêd Kobani foel yn de striid tsjin IS. Akse is âld-militêr en hat tsien jier foar definsje wurke, ûnder oare yn Bosnië.

Sjoch hjir foar it artikel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)