Volendam-Hearrenfean 0-1

17 aug 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat yn syn 1e wedstriid fan it nije seizoen yn en tsjin Volendam trije punten binnenhelle. Dêrmei mocht de ploech fan Foppe de Haan net ûntefreden wêze. It iennichste doelpunt kaam yn de earste helte út in wat dubieuze strafskop dy't benut waard troch Stefan Selakovic.

Hearrenfean moast it stelle sûnder inkele fêste krêften. Klompe, Edman, Radomsky en Sibon moasten it troch blessueres ôfwitte litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)