Vogelbuurt yn Wolvegea iepene

13 nov 2009 - 15:35
  • It ynformaasjeboerd is ûntbleate (foto: Lenus van der Broek)

Yn Wolvegea iepene freed de konsul-generaal fan Amearika it opknapte Pieter Stuyvesantpark mei it ûntbleatsjen fan in ynformaasjeboerd oer de ferneamde Stellingwerver. It foarme nei fjouwer jier wurk en fiif miljoen euro de ôfsluting fan in grut werynrjochtingsplan fan de Vogelbuurt.

De diken yn de buert binne fernijd en de riolearing is ferfongen. Foar de bern binne der boarterstastellen delset en alles is jûns ferljochte om sa fandalisme foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)