Voeten krijt lintsje foar syn ynset op tal fan mêden

20 apr 2016 - 15:23
  • Lintsje

Joannes Voeten út Menaam hat woansdei in keninklike ûnderskieding fan boargemaster Van Mourik krigen. Voeten (77) is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau foar syn wurk as foarsitter fan de tennisferiening yn Frjentsjer en letter ek by de tennisferiening fan Menaam.

Fierder wie er frijwilliger by stichting PUM, dy't allerhanne stipe biedt yn ûntwikkelingslannen troch persoanen dy't al mei pinsjoen binne. Voeten hat op 21 missys west, de measte yn Yndonezië. Ek wie Voeten aktyf by SeniorWeb as dosint kompjûterkursussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)