Voedselbanken wurkje oan imago

18 des 2008 - 12:41

De voedselbanken yn Fryslân wolle mear bekendheid jaan oan hoe't sy wurkje. It Fryske gearwurkingsferbân voedselbanken seit dat in soad minsken net witte hoe't dêr wurke wurdt. Faak wurdt tocht dat elkenien samar in itenspakket krije kin, mar der wurdt strang selektearre. Ek lûden as soe der yn de pakketten iten sitte dat hast of hielendal oer de datum is, binne net wier.

Der wurdt neitocht oer in kampanje dy't it byld feroarje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)