Voedselbank siket donateurs

06 jun 2006 - 09:29

De Voedselbank yn Ljouwert set meikoarten út ein mei in aksje om donateurs te finen. Dat skriuwt de organisaasje yn 'e nijsbrief.

De Voedselbank hat alle jierren 30.000 euro nedich, foar de hier fan it gebou, it ûnderhâlden fan it buske en de ûnkosten fan de frijwilligers. De gemeente Ljouwert en in pear tsjerken jouwe alle jierren in bydrage, mar de Voedselbank ferwachtet in tekoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)