Voedselbank krijt it drokker

21 feb 2012 - 14:40

Itensbanken krije it hieltyd drokker. It tal minsken dat der gebrûk fan makket is yn in jier tiid mei 20 persint tanaam. It giet net allinnich om minsken mei in útkearing. Ek hieltyd mear zzp'ers dogge in berop op de bank.

By de itensbank yn Ljouwert fernimme se de drokte goed. Op tiisdei, by it útdielen fan de boadskippen, is der wer in lange rige. Der steane op it stuit 270 minsken ynskreaun. Ferline jier wiene dat der noch 200. Sûnt oktober komme der alle moannen sa'n tsien by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)