Voedselbank hat iten nedich

09 jul 2011 - 15:24

De Voedselbank fan Dongeradiel sit ferlegen om iten. Der is in soad fraach nei iten fan de Voedselbank. Yn in jier tiid is it tal kliïnten tanaam fan sân nei goed santich. De meiwurkers binne in aksje begûn om mear iten te krijen. De Voedselbank is hieltyd mear oanwiisd op jeften fan boargers. Bedriuwen jouwe minder iten wei om't dy effisjinter wurkje.

De meiwurkers binne somber oer de takomst. Fanwege de oanhâldende krisis sille der mear klanten bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)