Voedselbank foar bisten

06 jul 2009 - 23:02

Der komt mooglik in voedselbank foar minsken mei bisten yn Fryslân. Der is al sa'n bistebank yn Amsterdam.

It idee komt fan bisteopfang 't Heerveld yn Lúnbert. Neffens de opfang binne der hieltyd mear minsken dy't wol in bist hawwe, mar it fretten net mear betelje kinne. De ynstelling tinkt dat dy groep takom jier noch grutter wurdt. As de plannen foar de bistebank rûn komme, dan begjint dy net earder as yn de rin fan takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)