Voedselbank: al hast 12.000 euro oan iten ophelle

12 des 2015 - 15:06

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân hat al hast 12.000 euro oan guod opsmiten foar de Fryske itensbanken. Dat is de tuskenstân oant en mei freed. Al mear as 6.800 produkten binne brocht. Utsjitter is mayonêze mei mear as tûzen tubes, Ek in soad oar iten as op it boadskiplistke is binnenkaam, mei elkoar goed 1.600 produkten.

Fan moandei ôf kinne minsken guod by de Omrop bringe of guod yn supermerken keapje en dêr litte. De aksje rint ek nije wike noch. Op de slotdei, freed 18 desimber, wurdt de einstân bekend makke.

Samen voor de Voedselbank is in aksje fan de regionale omroppen. Alle ynformaasje oer de aksje is te finen op de spesjale webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)