VOC-skip soarget foar banen

01 feb 2011 - 20:03
  • De útbaarnde skipsromp

It plan om de ôfbaarnde VOC-replika Prins Willim wer op te bouwen krijt hieltyd mear foarm. In spesjale stichting besiket mei gemeenten, provinsje en ynstellings om de 10 miljoen euro foar de renovaasje fan it skip op it kleed te krijen.

It skip leit no yn Harns. De stichting wol mei help fan studinten fan de maritime akademy en personiel fan Empatec de attraksje opbouwe. Dat smyt 100 learwurkbanen op en 100 gewoane arbeidsplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)