VOC-skip Prins Willim sloopt

02 aug 2014 - 12:23
  • It boechbyld fan de Prins Willim giet werom nei de eigener
  • Detail fan de sloopte Prins Willim

De ôfbaarnde replika fan it VOC-skip Prins Willim is sloopt. Der wiene net genôch partijen om jild byinoar te krijen foar renovaasje. De kosten dêrfan waarden rûsd op 10 miljoen euro. It skip soe yn de Harnzer Willemshaven komme te lizzen en dêr in Waddenbelevingssintrum wurde mei wurklearprojekten.

De Prins Willim baarnde yn 2009 folslein ôf troch koartsluting. Yn april is it skip op lêst fan de gemeente út de haven fan Harns weisleept.

De Prins Willim is dêrnei op sloopwerf RDM yn Kampen ûnder hannen naam. Sa'n hystoaryske replika is bysûnder foar it sloopteam. Gewoanwei krije se allinnich binnenfeartskippen te ferwurkjen.

It boechbyld fan de Prins Willim wurdt wol bewarre en it giet werom nei de eigener. Mooglik wurdt de grutte liuwekop as dekoraasjestik brûkt yn in Sineesk restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)