VOC-skip dochs restaurearre

03 nov 2009 - 15:38
  • De Prins Willem by de werf yn Makkum (foto: VOC-site)

It VOC-skip Prins Willem dat fan 't simmer ôfbaarnde, wurdt dochs restaurearre. Dat sil wêze by skipswerf Talsma yn Frjentsjer. Dy hat it skip kocht. De Prins Willem lei yn de museumhaven fan Den Helder en baarnde op 30 july folslein ôf.

It fjoer is doe nei alle gedachten ûntstien yn de kuolynstallaasje fan it skip. De doetiidske eigner liet witte dat restauraasje net mear mooglik wie, mar dêr tinkt Talsma oars oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)