VNO skrikt fan hege kosten NHL

24 apr 2008 - 17:23
  • Ferbouwing NHL falt folle djoerder út

De NHL is net profesjoneel genôch om sa'n grut nijbouprojekt foar syn rekken te nimmen. Dat seit Haerkens fan de VNO/NCW. De wurkjouwersklub is lid fan de Noordelijke Regieraad voor de Bouw. De organisaasje befoarderet gearwurking tusken de bousektor en de opdrachtjouwers.

Tongersdei waard bekend dat de nijbou fan de hegeskoalle 29 miljoen djoerder útfalt as begrutte wie. Al mei al wurdt it no 89 miljoen euro. Septimber 2009 moat it gebou klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)