VNO-NCW stipet Sjoerd Galema

21 maaie 2010 - 11:27
  • De wurkjouwers steane achter de oprop fan Galema

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noard stipet it inisjatyf fan deputearre Sjoerd Galema om it tal gemeenten yn Fryslân werom te bringen nei sân oant acht. Dy soene foarme wurde moatte om in stêd hinne. VNO-NCW Noard hat earder oanjûn it tal gemeenten yn it Noarden werom bringe te wollen nei sa'n fyftjin oant tweintich.

Neffens VNO-NCW moatte gemeenten op syn minst 50.000 ynwenners hawwe om de ekstra taken oan te kinnen dy't op gemeenten ôfkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)