VNO-NCW stiet achter NNBT

20 mrt 2003 - 00:00

De wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW Noord steane achter it NNBT. It Noarden fan Nederlân wurdt op dy wize it bêste promoate. Earder seinen Recron en Hiswa it betrouwen op yn it buro foar toerisme. Neffens VNO-NCW moat it NNBT de tiid krije om har te bewizen.

By it buro binne no trije provinsjale fertsjintwurdigers oansteld dy't elk ien provinsje promoate. Dat wurket neffens VNO-NCW goed, wylst de wearde fan ien organisaasje ek behâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)