VNO-NCW: rotonde no oanpakke

13 feb 2008 - 22:27

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW wol dat de rotonde by de Jouwer sa gau mooglik oanpakt wurdt. De provinsje kundige koartlyn oan te wachtsjen mei de oanpak oant der jild beskikber komt út it kompensaasjefûns foar it net trochgean fan it Suderseespoar.

Neffens VNO-NCW soargje de files by de rotonde foar tefolle skea foar de noardlike ekonomy. De organisaasje wol dêrom dat de plannen dy't der al binne foar de rotonde no útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)