VNO-NCW Noord iepenet nij kantoar yn Ljouwert

20 apr 2016 - 21:12
  • Hans de Boer (l) en Alfred Welink by de iepening fan it nije kantoar yn Ljouwert

Undernimmersferiening VNO-NCW Noord hat woansdei yn de Kânselarij yn Ljouwert in nije fêstiging iepene. De feriening wol sa makliker ferbiningen lizze mei de oerheden yn de provinsje en it middelber en heger beropsûnderwiis. Dat is fan grut belang foar de ûntwikkelings de kommende tiid.

VNO-NCW wol him rjochtsje op de omskeakeling fan fossile brânstoffen nei duorsume enerzjyboarnen. Dat is foar de ûntwikkeling en de konkurrinsjeposysje fan de ûndernimmers yn it noarden fan grut belang, seit de Fryske foarsitter Sjoerd Galema.

Benammen no't de oerheid him hieltyd mear weromlûkt, moatte de ûndernimmers sels oan de bak om saken te dwaan foar de provinsje. Lanlik VNO-NCW-foarsitter Hans de Boer hie de eare it kantoar te iepenjen. Hy fynt dat it tiid is dat de bedriuwen yn it noarden in stap meitsje."Hjir binne se goed mei op it mêd fan suvel en toerisme. Mar no moatte de pylken ek rjochte wurde op it ûntwikkeljen fan alternative brânstoffen en ek de âldereinsoarch. Dat is goed foar de ekonomy", seit Hans de Boer. Neffens him is it dan ek fan grut belang dat bedriuwen folle mear de ferbining sykje mei it ûnderwiis. Kennis is fan grut belang foar de ekonomy fan de takomst tinkt De Boer.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)