''VMBO-skoallen moatte ynsette op technyske fakken''

25 mrt 2016 - 16:57

VMBO-skoallen moatte ynsetten bliuwe op technyske fakken. Mei dy oprop komt Doekle Terpstra. Hy is oanjager fan it Techniekpact. Troch in oare wize fan finansierjen hâlde guon VMBO-skoallen op mei it jaan fan technyske fakken. De apparatuer wurdt te djoer. Ek binne der minder learlingen ynteressearre in dit soarte fan fakken. De ferwachting is dat it tal learlingen yn Fryslân mei in technyske oplieding de kommende jierren mei tweintich persint ôfnimme sil.

Utsein twa regio's yn Súd-Hollân en ien yn Noard-Hollân rint it tal learlingen oeral werom. Neffens Terpstra moat it alarm no ôfgean. Yn it bedriuwslibben is al in grut tekoart oan fakminsken. Mei dit belied wurdt dat allinnich mar grutter, sa warskôget Terpstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)