VMBO en bedriuwen wurkje gear

28 okt 2009 - 15:53
  • Learlingen kinne de teory yn de praktyk bringe

It technysk fuortset ûnderwiis slút net goed oan op de praktyk fan it bedriuwslibben. Om dat te feroarjen ha 250 bedriuwen en 35 VMBO-skoallen yn Fryslân besletten gear te wurkjen.

Ynstek is om de stap fan de skoalbanken nei it wurkfjild lytser te meitsjen. De learlingen fan it VMBO- ûnderwiis kinne staazje rinne by 250 bedriuwen. Doel is ek om it imago fan de technyske banen te ferbetterjen. Sawol de skoallen as de bedriuwen ha grutte ferwachtings fan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)