Vlogger Rutger Vink rekket ferwûne by filmstunt Sneekweek

21 sep 2015 - 16:34
  • Rutger Vink

Ien fan de akteurs fan de Sneekweek-film is snein ferwûne rekke by it oefenjen fan in stunt. De populêre vlogger Rutger Vink, op YouTube bekend as Furtjuh, soe in stunt dwaan mei in grut luchtkessen op it wetter. Mar dat gie hielendal mis: "Ik landde met m'n hoofd op het water en kreeg een klap van m'n knie in m'n gezicht. Lichte hersenschudding", sa skriuwt Rutger op Instagram.

De vlogger is nei it sikehûs brocht. Toch hat er dêrnei noch twa sênes draait "ondanks de pijn". Selfies meitsje nei de opnames mei fans siet der net mear yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)