Vlietstra deputearre yn Drinte

28 jan 2009 - 20:37

Ald-wethâlder fan Ljouwert Janny Vlietstra is woansdei ynstallearre as deputearre fan Drinte. Yn in ekstra gearkomste stimden Provinsjale Steaten yn mei har foardracht.

Vlietstra nimt de taken oer fan deputearre Huub Looman dy't al in skoft siik is. Se is tenei ferantwurdlik foar ekonomyske saken en finânsjes. Grien Links en de SP yn Drinte binne it der net mei iens, de partijen fine sân deputearren tefolle foar de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)