Vliet: soad mis mei hierwenten

13 sep 2011 - 23:38

De gemeente Ljouwert hat de ôfrûne tiid by kontrôles yn 22 hierwenten yn de buert by it Vliet saken konstatearre dy't net doge. Yn 13 gefallen giet it om slim fertutearze wenten. Yn 9 oare gefallen giet it om yllegaal keamerferhier. De eigners fan de wenten binne troch de gemeente oanskreaun. Se krije in twangsom as se de situaasje net gau ferbetterje.

De gemeente hâldt noch 28 oare wenten skerp yn 'e gaten, omdat ek dy der min oan ta binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)