Vliehors bliuwt militêr terrein

30 okt 2004 - 09:55

De Vliehors op Flylân kin toch noch brûkt wurde foar sjitoefeningen mei tanks. It ministearje fan Definsje wol it sjitterrein brûke at der yn it bûtenlân gjin plak is om te oefenjen.

Steatssekretaris Van der Knaap fan Definsje skriuwt oan de Twadde Keamer dat it Cavalerie Schietkamp wer brûkt wurde mei. Dat sil barre as op koarte termyn tanks ynset wurde moatte foar krisisoperaasjes of as der yn it bûtenlân net genôch plak is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)