Vlemmix hat tocht folbrocht

23 jan 2009 - 18:39

Johan Vlemmix hat de Alvestêdetocht klunend ôflein. Tsien dagen hat hy der oer dien. Dêrmei krijt hy in fermelding yn it "Guiness Book of Records".

It klunen is Vlemmix bot ôffallen. Hy wie oan ein doe't hy oer de einstreek kaam. Ek sitte syn beide fuotten ûnder de blierren. Vlemmix woe mei de tocht omtinken freegje foar fûgels dy't it dreech hawwe yn de winter. Johan Vlemmix is benammen bekend as kreative Oranje-fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)