Vlasveld sporter fan Fryslân

16 apr 2004 - 00:00

Triatleet Marianne Vlasveld fan Reahel is keazen ta sporter fan Fryslân 2003. De sjuery keas unanym foar har om har prestaasjes by de wintertriatlon. Yn 1999 en 2001 waard Vlasveld Europeesk kampioen. De jierren dêrnei, 2002 en 2003, wûn de triatlete hast alles wat der te winnen wie.

Oare nominearren foar de titel wiene Sake Porte, Jan Kooistra, Foppe de Haan en Rikst Valentijn. Vlasveld krijt 2000 euro en in oarkonde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)