Vlasveld hat Fryske sportpriis

23 apr 2004 - 00:00

Triatlete Marianne Vlasveld krige freed út hannen fan deputearre Bijman de Fryske sportwikselpriis. Vlasveld hat de lêste tiid sa'n bytsje alles wûn yn har sport, lykas de EK en WK fan 2003 en de wrâldbeker. De Fryske priis stie de ôfrûne wike noch even faai, omdat se offisjeel net yn Fryslân wennet mar by har mem yn Oude Ade, yn Súd-Hollân.

Mar omdat se meast yn Reahel wennet en ek noch by it CIOS op it Hearrenfean wurket krige se de sportpriis dochs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)