Vladimir (7) wer terjochte

01 maaie 2007 - 21:34

It 7-jierrige jonkje Vladimir út Ljouwert is tiisdei sels wer thúskaam, neidat der grut alarm slein wie oer syn fermissing. Moarns 11 oere wie hy nei bûten gien om te boartsjen, tsjin twaen waard er foar it lêst sjoen.

In syktocht fan plysje en famylje yn de omjouwing fan syn âlderlik hûs oan de Merelstrjitte smiet neat op. Om seis oere kaam Vladimir sels wer thús. Hy wie mei in leeftiidsgenoatsje nei hûs ta gien te boartsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)