VJ-party foar âlderein

11 nov 2005 - 17:09

Filmkes fan eartiids, folksdûnsers en in fideo-jockey. Dat wiene de yngrediïnten fan in VJ-party foar 65-plussers freedtemoarn yn Ljouwert. It idee wie fan it Noardlik Filmfestival, dat dizze wike foar de 27e kear hâlden wurdt.

It wie in eksklusyf feestje yn de teaterstudio fan de Harmonie. De seal siet mei 50 senioaren fol. Alde filmkes út it Frysk Filmargyf waarden oan inoar mikst mei tal fan grafyske effekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)