Vitens:wettertaks gau ôfskaffe

06 apr 2014 - 12:15
  • Vitens

Drinkwetterbedriuw Vitens ropt de polityk op om de belesting op liedingwetter sa gau mooglik te skrassen. Neffens Vitens hat dizze belesting gjin inkeld doel en is it boppedat ûnridlik dat op drinkwetter mear belesting sit as op in hamburger. Der is boppedat gjin inkeld oar lân yn Europa dat belesting heft op drinkwetter.

De nije wetterbelesting giet yn op 1 july en hat as doel om it wetterferbrûk werom te kringen. Vitens tinkt net dat dat wurkje sil. In trochsneed húshâlding sil troch de belesting 30 euro yn 't jier mear betelje.

Vitens hat alle wetter- en finansjele wurdfierders yn de Twadde Keamer oanskreaun mei it fersyk om de wetterbelesting te skrassen. De Twadde Keamer hat ferline jier ynstimd mei it ferheegjen fan de belesting op liedingwetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)