Vitens: yn dunen wetter winne

14 okt 2009 - 16:33

Wetterbedriuw Vitens mei de wetterwinning op Flylân útwreide. It bedriuw wol it wetter yn de dunen winne. De Waadferiening en Stifting Dúnbehâld makken beswier. Neffens de partijen bringt de wetterwinning tefolle skea ta oan de natuer.

Ut ûndersyk hat lykwols bliken dien dat wetterwinning amper gefolgen hat. De Rie fan Steate hat de beswieren fan de natuerklups ôfwiisd. Vitens mei no 50.000 kubike meter ekstra wetter winne op Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)