Vitens úteinset mei oanlis sensoaren yn wetterliedings

29 okt 2015 - 09:48

Wetterliedingbedriuw Vitens begjint tongersdei yn Noardburgum mei de oanlis fan in tûk wetterliedingnetwurk yn Fryslân. It bedriuw hâldt de liedings tenei mei 200 sensoaren yn de gaten. Dêrtroch kin it bedriuw de kwaliteit fan it drinkwetter better yn de gaten hâlde en kinne lekken earder fûn wurde.

De kwaliteit wurdt no noch mei proefmeunsters yn de gaten hâlden. En doe't Ljouwert twa jier lyn sûnder wetter kaam, duorre it oeren foar't it lek fûn wie en de steuring ferholpen wie.

De sensoaren moatte dat soart problemen foarkomme.

It giet neffens it bedriuw om in wrâldwide primeur. It projekt kostet 3 miljoen euro. Vitens hat 10.000 kilometer oan wetterliedings yn Fryslân lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)