'Vitens stjoert te hege rekkens'

25 mrt 2006 - 10:16

Ynwenners fan Fryslân betelje by wetterbedriuw Vitens fierstente folle foar har wetter. Dat seit in grutte belangefertsjintwurdiger fan saaklike gebrûkers fan wetter en elektrisiteit, de VEMW. De VEMW basearret him op in ûndersyk fan de Universiteit Tilburg. Dêryn stiet dat wetterbedriuwen te folle winst meitsje. Vitens ûntkent de konklúzjes fan it ûndersyk en seit dat de tariven de lêste jierren net omheech gong binne yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)