Vitens: soargen oer skalygas

10 jul 2013 - 08:58
  • Vitens

Wetterbedriuw Vitens wol mear omtinken foar de risiko's fan de winning fan skalygas. Ut ûndersyk fan de wetterleveransier en ûndersyksynstitút TNO docht bliken dat der skalygas sit by de wetterwingebieten by Oldeholtpea, Noardburgum en Garyp. Dizze plakken foarsjogge ûnder oare Ljouwert en It Hearrenfean fan wetter.

As der wat mis giet by de winning fan it gas, reitsje de wettergebieten fersmoarge. Hjirtroch soene tûzenen húshâldens lange tiid sûnder wetter komme te sitten, seit Vitens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)