Vitens past knetterwetter oan

16 apr 2011 - 09:12
  • De ynstallaasje yn Spannenburch

Wetterbedriuw Vitens past de gearstalling fan it wetter oan nei oanlieding fan de hûnderten klachten oer knetterjende wettersieders. It wetterbedriuw kin gjin ferklearring jaan foar de poeierachtige kalkôfsetting. By it pompstasjon Spannenburg wurde dêrom oanpassings dien om it wetter minder hurd te meitsjen. Vitens naam de klachten ynearsten net serieus, mar stelde nei in rige reportaazjes fan Omrop Fryslân in spesjale helpdesk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)