Vitens: net de auto waskje

08 aug 2003 - 00:00

Wetterliedingbedriuw Vitens freget de minsken om sunich te wêzen mei it drinkwetter. Troch de droechte en de waarmte wie it wetterferbrûk tongersdei 40 persint heger as oars. Vitens ropt de minsken dêrom op om de auto net te waskjen en de tún net mear te sproeien.

Troch it grutte wetterferbrûk foel tongersdei op guon plakken de druk yn 'e wetterlieding fuort. By guon rekreaasje-bedriuwen oan de Iselmar koene de gasten jûns net dûse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)