Vitens mjit leven wettersieder

10 nov 2010 - 13:54

Vitens docht proeven nei oanlieding fan klachten oer knetterjende wettersieders. Nei in reportaazje op Omrop Fryslân waard dúdlik dat in soad minsken dêr lêst fan ha nei't de kleur fan it wetter oanpast is.

Ut meunsters docht út bliken dat de gemyske gearstalling fan it wetter net feroare is. Yn it Vitenslaboratoarium yn Ljouwert dogge se noch proeven mei wettersieders en kofjesetapparaten. Ek gean se nei minsken om te mjitten hoefolle leven de wettersieder makket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)